Winst foar de Harkemase Boys nei betiid doelpunt fan Henny Bouius

01 des 2018 - 16:34

De fuotballers fan de Harkemase Boys ha yn de tredde difyzje de kompetysjewedstriid tsjin SteDoCo wûn mei 2-0. Op it eigen sportpark De Bosk koenen de Fryske fuotballers de gasten út Súd-Hollân goed de baas.

De earste kâns fan de wedstriid waard fuortdaliks in doelpunt. Oanfierder Henny Bouius krolle de bal kreas achter de Súd-Hollânske doelman Mark Smith. In protte mear kânsen wienen der net yn de earste helte.

Yn de twadde helte skoarden de Harkemase Boys opnij in betide goal. Yn de 47ste minút sette Robert Stelpstra de stân op 2-0. It wie syn tsiende doelpunt fan it seizoen, en de lêste goal fan de wedstriid.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)
(advertinsje)