Hantsjefol giele heskes demonstrearret op Ljouwerter Saailân

01 des 2018 - 15:33

Goed tsien minsken ha harren op it Saailân yn Ljouwert melden mei in giel heske oan. Se fiere aksje tsjin de Nederlânske regearing en tsjin de hieltyd heger wurdende prizen foar it libbensûnderhâld.

Giele heskes op it Saailân

De demonstranten ha in lange list fan aksjepunten. Op de besletten facebookgroep Gele Hesjes NL giet it ûnder oare oer it ferminderjen fan de belesting, it feroarjen fan it soarchstelsel en it migraasjebelied, it ferleegjen fan de pensjoenleeftiid, in basisynkommen foar elkenien, en it fuortgean fan premier Rutte.

De beweging fan 'giele heskes' ûntstie earder dit jier yn Frankryk. Dêr binne al wiken demonstraasjes oan de gong, benammen tsjin de hege brânstofprizen yn it lân. Twa minsken binne dêr by om it libben kaam, en hûnderten minsken rekken ferwûne.

Behalve yn Ljouwert wurdt ek op oare plakken yn Nederlân demonstrearre troch minsken mei giele heskes oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)