Greidhof yn Reduzum nei njoggen jier leechstân ferkocht

01 des 2018 - 14:19

De Greidhof yn Reduzum is ferkocht en dêr is it doarp hiel bliid mei. It gebou hat in prominint plak yn Reduzum en waard earder brûkt as in sintrum foar deibesteging, dêr't minsken mei in beheining oan it wurk wienen.

De relaasje tusken it doarp en it sintrum wie hiel goed, mar it gebou stie yntusken al njoggen jier leech mei allinnich wat minsken dy't der anty-kraak wennen. En dat wie oan it pân te sjen; it drige in rotte kies te wurden yn Reduzum.

De Greidhof hat in prominint plak oan it begjin fan it doarp - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Doarpsbelang Reduzum hat him ynset foar in nije bestimming fan it gebou en no liket it sa fier te wêzen. De nije eigener komt der yn te wenjen mei syn famylje. Hy wurket yn it spesjaal ûnderwiis en mooglik wol hy dêrmei ek wat dwaan yn Reduzum.

Earder hie doarpsbelang de gemeente Ljouwert frege, om te helpen de ferkeap fan it gebou te stimulearjen. Bygelyks mei it feroarjen fan de bestimming fan it gebou.

(advertinsje)
(advertinsje)