"Yn Ljouwerter finzenis is ek wurke mei groom-6 ferve"

01 des 2018 - 13:03

Ek yn de finzenis yn Ljouwert is troch detinearden wurke mei de kankerferwekkende groom-6 ferve. Dat seit advokaat Jehudi Moskowicz tsjin De Telegraaf. Hy hat út namme fan hast hundert detinearden út Ter Apel yn in brief oan it ministearje fan Justysje kompensaasje frege. Dizze finzenen moasten jierrenlang sûnder beskerming mei de ferve wurkje.

Foto: Omrop Fryslân

No't der in kompensaasjeregeling is foar minsken dy't yn it leger mei de groom-6 ferve wurke hawwe, soe der ek sa'n regeling komme moatte foar detinearden. De advokaat kin him yntinke dat ek finzenen yn Ljouwert harren by dizze claim oanslute wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)