Spesjaal kafee foar autistyske jongeren iepenet yn Burgum

01 des 2018 - 10:31

Yn Burgum iepenet sneontejûn it Auti Kafé syn doarren foar jongeren tusken de 13 en 25 jier mei autisme. Neffens inisjatyfnimster Kirsten Adema is it wichtich dat jongeren mei autisme yn kontakt komme mei leeftiidsgenoaten dy't ek autisme ha.

Foto: Auti Kafé

"Voor jongeren met autisme is het vaak lastig om sociale contacten op te bouwen", seit Adema. "Mijn zoon heeft ook autisme en ik zag op televisie een programma van Filemon Wesselink waarin hij op bezoek was bij een vergelijkbaar café. Toen dacht ik: hé, waarom hebben wij dat hier in Friesland niet?"

Soan Viggo Rugebregt fynt it in goed inisjatyf fan syn mem en hy sil ek seker nei it kafee ta. "Ik ken verder geen mensen die hierheen gaan, maar ik kijk er heel erg naar uit om mensen met autisme te ontmoeten", seit Viggo.

Iensumheid

Geesje Duursma hat tegearre mei Kirsten it Auti Kafé opset. Har soan Thomas hat ek autisme. "Us jeugd is beslist net zielig, mar der is wol in soad iensumheid ûnder dizze jongeren. Se misse dochs krekt de oansluting en we gunne se dan ek, dat se mei lyk stimden troch de wrâld kinne. Se kinne gesellich prate, spultsjes dwaan, dûnsje en in hapke en in drankje nuttigje."

Kirsten Adema en Viggo Rugebregt - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei de inisjatyfnimmers fan it Auti Kafé yn Burgum

It kafee yn Glinstra State is sneontejûn om acht oere foar it earst iepen foar de jongerein en as der in soad animo foar is, wolle Kirsten en Geesje graach mear fan dizze jûnen opsette. "We hawwe no trije datums pland, mar as it oanslacht by de jeugd wolle wy der seker mear fan meitsje", seit Kirsten. Mear ynformaasje oer it Auti Kafé is te finen op de webside www.akt-diel.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)