Ljouwerter oanholden foar mishanneling yn útgeanssintrum

De plysje hat freedtenacht een Ljouwerter oanholden yn it útgeanssintrum fan de stêd. De 22-jierrige man wurdt fertocht fan mishanneling.
Om kertier oer twaen hinne krige de plysje fan minsken te hearren dat der immen foar in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier lei. It die bliken dat dy belutsen wie by in fjochtpartij. Dizze persoan hat úteinlik oanjefte dien fan mishanneling. De plysje hat de 22-jierrige Ljouwerter ynsletten as fertochte fan de mishanneling. De saak wurd fierder ûndersocht.