Kollum: "It jieroersjoch fan in skilder"

01 des 2018 - 08:14

"Dizze wike hie ik in petear mei in skilder. Nee, net in keunstskilder, mar ien dy't meters makket. Kezinen, plinten en daksgoaten. Dy kaam mei in frijwat iepenbierjend oersjoch fan it jier 2018. It jier troch de eagen fan in skilder, sille we mar sizze. Hy seit dat er normaal sprutsen alle jierren wol in skema yn de holle hie oer hoe't it der útsjen soe, sa'n skilderjier.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

De moannen jannewaris en febrewaris is in helder ferhaal, dan skilderje jo binnendoar, want dan is it bûtendoar gjin waar. Yn maart sjogge je alris foarsichtich nei bûten, mar ek dan is it faaks noch te wiet. Wisten jim trouwens dat der tsjintwurdich moderne ferve is dy't nei in goed oere al drûch is? Dus as it heal kin, is der bûtendoar wol wurk.

Yn april giet it bûtenseizoen los. Mar ik wit net oft jimme it noch witte, mar yn april 2018 fersûpten we hast allegearre noch, sa allemachtich wiet wie it. It hat nammentlik fan septimber 2017 ôf hast alle dagen reind, oant djip yn april. Soks binne jim fansels al lang wer ferjitten, mar de skilder en ik net.

De skilder sei dat er alle simmers in fêst oantal dagen ynkalkulearre dat se net bûtendoar skilderje koenen. Gewoan, omdat de statistiken dat jier op jier bewize. Je ha alle jierren in oantal dagen dat it waar sa damp en wiet is, dat je twongen wurde om binnendoar mar wat putsjes te dwaan.

De skilder giet rjochtoerein stean en seach my oan. hy frege my om in gokje te weagjen oer it oantal dagen dat se yn 2018 nei april net bûtendoar wêze koenen om de huzen fan in nije fervelaach te foarsjen. Ik moast even neitinke, want ik wurkje sels ek bûtendoar en woe gjin waardeloas antwurd jaan. Earlik sein wist ik it net. Ja, dat it de hiele simmer moai waar wie, dat we noch nea sa'n simmer hân ha yn 300 jier, dat wist ik wol. Mar hoefolle dagen it net geskikt west hat om bûtendoar te skilderjen, dêr hâlde jo je net deistich mei dwaande.

Nul, sei de skilder. Der hat net ien dei west dat we om it waar net bûtendoar oan it wurk koenen. Dan ha jim wol troch hokker útsûnderlik jier we meimakke ha. Fan stronttrochwiet nei in situaasje dêr't der hast krapte oan swiet wetter wie en de rivieren noch nea sa leech stien ha. De opwaarming fan de ierde lit yn ekstremen sjen wêr oft it ta yn steat is.

Ik wol net hjir de doemdenker úthingje, mar it falt my wol op dat it de measte minsken net rekket. It besef dat we jier op jier de ierde útrûpelje, dat der aanst in grut probleem ûntstiet mei ús iten, dat we fan it iene waarrekôr yn it oare rûgelje. It rekket de measte minsken net.

As it moai waar is, hearre je it fee net, is in âlde boeresiswize. En sa is it ek. As it trije dagen reint, begjinne de minsken al te eameljen. Mear falt der in hiele simmer amper in bui, hearre je se net, wylst dat folle alarmearjender is. It spyt my, mar de minske hat in soad wei fan in kikkert. As je dy yn hjit wetter smite, springt er derút. Mar as je him stadich opwaarmje, siedt er stadich gear en bliuwt sitten dêr't er sit."

(advertinsje)