Krisis by SC Hearrenfean: wa moat as earste fuort?

01 des 2018 - 06:30

It rommelet by SC Hearrenfean. Sportyf giet it net geweldich: sa wachtet de ploech noch hieltyd op de earste thúsoerwinning fan it seizoen. Mar ek bestjoerlik binne der problemen, it stadion sit foar de helte leech en de sponsoaren rinne fuort. De krityk rjochtet him op meardere persoanen: direkteur Luuc Eisenga, technysk manager Gerry Hamstra en trainer Jan Olde Riekerink. Wa fan dy kopstikken falt as earste om? Sjoernalisten Sander de Vries, Reon Boeringa en âld-fuotballer Geert Jelle de Vries skowe oan yn Fryslân Hjoed.

Sjoernalist Sander de Vries fan de Ljouwerter Krante tinkt dat Luuc Eisenga de earste is dy't fuort moat. "Technisch manager Gerry Hamstra zal zo lang mogelijk vasthouden aan trainer Jan Olde Riekerink, want die heeft hij zelf aangesteld. En sportief zijn er nog wel wat reddingsboeien."

By Eisenga, dêrfoaroer, is de fraach hoe lang oft syn posysje hâldber is. "Ik zou het knap vinden, als hij deze storm weet te overleven", seit Sander de Vries. "Er speelt momenteel zoveel bij de club. Het contract met hoofdsponsor GroenLeven lag op straat deze week."

Mear sponsoren twivelje

Oer de problemen fan Hearrenfean mei de haadsponsor skreau Reon Boeringa dizze wike yn Voetbal International. En mear sponsoaren twivelje, seit hy. "GroenLeven is het topje van de ijsberg. Zij steken er ieder jaar vijf ton in, exclusief bonussen. Maar daaronder, het segment met sponsoren van meer dan een ton per jaar, daar zit ook een aantal dat ook ernstig twijfelt of het doorgaat als sponsor van Heerenveen. Als je dat bij elkaar optelt, kom je gemakkelijk boven het miljoen uit."

Dat kin Hearrenfean beslist net brûke. Boeringa: "Het laatst bekende operationele resultaat was -4 miljoen euro. Haal daar nog eens een dik miljoen vanaf, hoe gaat het dan verder? Het zijn allemaal mensen die in botsing zijn gekomen met de huidige leiding."

Tasizzing wie net te dwaan

De problemen tusken Hearrenfean en haadsponsor GroenLeven ha te krijen mei sinnepanielen op it dak fan it Abe Lenstra stadion. Eisenga hie oan GroenLeven de tasizzing dien om him "maksimaal yn te spannen" om dat foar inoar te krijen, mar dy tasizzing koe er net dwaan, omdat net de klup, mar Sportstad Heerenveen de eigener is fan it stadion.

As it foar my as sponsor sa belangryk wie, dan woe ik dat swart op wyt ha.

Geert Jelle de Vries, âld-Hearrenfean-fuotballer

"Dit is amateurisme ten top, fan beide kanten", seit âld-Hearrenfean-fuotballer Geert Jelle de Vries oer de ôfspraken oer de sinnepanielen. "Hearrenfean koe it net tasizze, mar dat ha se wol dien. En oan de oare kant: as it foar my as sponsor sa belangryk wie, dan woe ik dat swart op wyt ha. It giet om in soad jild en om de útstrieling fan it bedriuw. It is logysk dat in haadsponsor dy't sinnepanielen ferkeapet net wol dat der sinnepanielen fan in oar op lizze."

"Heel vaak zie je dat dit soort deals in onderling vertrouwen gebeurt", seit Sander de Vries. "Andere sponsoren vertelden mij ook: zo gaat dat nou eenmaal. In dit geval heeft GroenLeven daar wel een behoorlijk dure prijs voor moeten betalen."

Der is dus in groep lilke sponsoaren, dy't oerwaget om net troch te gean as sponsor fan Hearrenfean. "Wat voor commerciële en financiële gevolgen heeft dat voor de club? De raad van commissarissen en het stichtingsbestuur moeten een afweging maken of ze er vertrouwen in hebben dat het goedkomt", seit Boeringa.

Fan de trije kopstikken Eisenga, Hamstra en Olde Riekerink sit Eisenga der it langst, konstatearret Boeringa. "En al heel lang gaat het niet goed. Olde Riekerink zit er een paar maanden. Ze moeten de play-offs halen, maar het seizoen is nog niet voorbij. Gerry Hamstra zit er al wat langer. Heel wat ongelukkige aankopen gedaan, spelers die verkocht móesten worden, zijn niet verkocht. Maar Eisenga is, als enig statutair directeur, uiteindelijk verantwoordelijk voor het spelersbeleid. Dus hij is de eerste naar wie je moet gaan kijken."

Ek sportyf giet it net goed. Dat is neffens Geert Jelle de Vries in ôfspegeling fan it bestjoerlike ferhaal: "Hearrenfean is grut wurden troch normale minsken, normaal te dwaan. Lyts begûn, úteinlik trochgroeid. Dat mis ik no. It normaal dwaan is elkenien ferjitten."

Trainer Olde Riekerink waard ûnder oare nei Fryslân helle om oantreklik fuotbal sjen te litten en sa it stadion wer fol te krijen. "Dat lukt op het moment niet", seit Boeringa. "De wedstrijden waarin ze aanvallend probeerden te voetballen, zijn ze geslacht. Nu proberen ze het op een andere manier. En iedere keer dat dat niet goed gaat, verdiept het probleem zich natuurlijk."

Olde Riekerink moet heel vaak in de rust z'n fouten repareren.

Reon Boeringa, VI-sjoernalist

De VI-sjoernalist fynt it ek net goed dat Olde Riekerink noait oanjout wêr't it misgiet. Boeringa sels wit it wol: "Ze leiden heel vaak hun eigen tegenkansen in, ze kunnen niet voetballen van achteruit, er zit geen lijn in het positiespel. En Olde Riekerink moet heel vaak in de rust z'n fouten repareren. Tegen Groningen vond ik dat heel veelzeggend; alle vier verdedigers stonden in de tweede helft op een andere plek."

Oant de winterstop spilet Hearrenfean noch fjouwer kompetysjewedstriden. Sneon komt Fortuna Sittard nei it Abe Lenstra Stadion. Dêrnei spilet Hearrenfean tsjin Willem II (út), Utrecht (thús) en NAC (út). "Daar moet je zeven à tien punten uit halen", seit Boeringa. "Maar ik zie geen stijgende lijn om in de winterstop in de buurt van de subtop te staan."

"Mensen herkennen zich niet in die teksten"

Olde Riekerink moast ek soargje foar ferbining. Sander de Vries: "Dat kan hij doen met de uitleg na de wedstrijd. Maar als je bij PSV 28 schoten tegen krijgt, zelf vier schoten hebt, en je zegt dat je de hele wedstrijd nog kans maakte op resultaat, dan herkennen mensen zich niet in die teksten."

De prestaasjes fan it earste alvetal kinst net los sjen fan de kwaliteit en de gearstalling fan de seleksje, neffens de LC-sjoernalist. "Ik vind dat je dan in de eerste plaats naar Gerry Hamstra moet kijken", seit Sander de Vries. "De selectie heeft veel te veel middenvelders. Ben Rienstra is gehaald voor de 8 of de 10, maar hij staat noodgedwongen op 6. Yuki Kobayashi en Morten Thorsby zouden verkocht worden, maar bleven. Ze hebben tien of elf middenvelders. En ze hebben zes verdedigers, van wie maar twee het niveau hebben dat Heerenveen nastreeft: Kik Pierie en Daniel Høegh. Dan leg je de achilleshiel van Heerenveen direct bloot."

"Totaal uit balans"

Dat ûnderstreket Reon Boeringa: "Het is totaal uit balans en kwalitatief klopt het niet." Dochs hie it spul wol better kinnen, neffens Sander de Vries: "Olde Riekerink haalt er wel het minimale uit. De selectie is niet goed genoeg voor Heerenveen-begrippen, maar wel beter dan wat ze tot nu toe hebben laten zien."

Geert Jelle de Vries mist in earlik ferhaal. "Gerry Hamstra hie ek sizze kinnen: it is ús allegear net slagge en dat hat mei jild en mooglikheden te meitsjen", seit de âld-fuotballer. "Mar wês dêr earlik yn. As je tsjin it publyk sizze: we ha it net foarinoar krigen sa't we it ha wolle, dan hat it publyk dêr ek frede mei. Miskien is de doelstelling om by de earste acht te einigjen wol hielendal net helber."

Sjoch hjir nei it folsleine petear oer de krisis by SC Hearrenfean:

(advertinsje)
(advertinsje)