Cambuur thús kânsleas ûnderút tsjin leechfleaner Eindhoven

SC Cambuur hat freed kânsleas ferlern fan FC Eindhoven. De nûmer fyftjin fan de earste difyzje wûn mei 1-3 yn it Cambuurstadion. It is de fjirde wedstriid op rige dat de Ljouwerters net winne. Al hiel betiid kaam de ploech fan René Hake op efterstân. Marcelo Lopes makke de 0-1. Kevin van Kippersluis sette Cambuur noch op gelikense hichte, mar fjouwer minuten letter wie it alwer raak foar Eindhoven. Ald-Cambuurspiler Alvin Daniëls soarge foar de 1-2. Yn de twadde helte makke Jarno Janssen dien wurk foar de Brabanners.
SC Cambuur-FC Eindhoven
Nei twa minuten joech Daniëls in stekpass op de oare bûtenspiler fan Eindhoven, Lopes. Dy kaam frij foar doelman Mous en makke it ôf. Ek dêrnei wie Eindhoven gefaarliker. Daniëls skeat in kear oer en waard even letter de foet dwers sitten troch Mous.
Pas nei in kertier spyljen kaam Cambuur wat better yn de wedstriid. Dat smiet yn de tweintichste minút de gelykmakker op. Issa Kallon hie in goede aksje en joech dêrnei de bal foar. Kevin van Kippersluis wurke de bal efter Ruud Swinkels.
© www.orange-pictures.nl

Ald-Cambuurspiler Daniëls skoart

It duorre lykwols net lang of Eindhoven kaam alwer op foarsprong. Alvin Daniëls krige de bal oan de rjochterkant fan it strafskopgebiet en skeat raak yn de fiere hoeke. Noch binnen it healoere makke Daniëls hast de tredde, mar Mous siet der krekt op tiid by. Hy skeat ek nochris njonken it Cambuurdoel en in minút foar it skoft waard in frije traap fan de âld-Cambuurspiler pakt troch Mous. Utsein in kânske foar Kallon liet Cambuur neat sjen.
Betiid yn de twadde helte giene de Ljouwerters wol wat dúdliker op syk nei de twadde gelykmakker. Sai van Wermeskerken skeat krekt neist, in frije traap fan Robbert Schilder foel der hast yn en Maulun seach syn skot keard troch Swinkels.
De gelykmakker foel net en dêrnei socht Eindhoven ek wer de oanfal. Samy Bourard rekke de peal en dêrnei brocht Mous rêding op in skot fan opnij Bourard. It wie in faze wêryn't in soad barde, want ek Cambuur krige kânsen. Nigel Robertha stie hielendal frij, mar hy kopte neist. Even letter krige Robertha wer in kâns, mar no wie it Swinkels dy't de gelykmakker foarkaam.

Yn it slot

Healwei de twadde helte kearde Mous in skot fan Karim Essikal, mar tsien minuten letter smiet Jarno Janssen de wedstriid dochs yn it slot. Mous koe in kopbal fan Collin Seedorf noch tsjinhâlde, mar de rebound wie foar Janssen, dy't fan tichtby de bal binnenwurke.
Cambuur mocht sels bliid wêze dat de skoare net pynliker waard. Nei in oertrêding fan Robin Maulun op Elton Kabangu, krige Eindhoven in strafskop. Nei wat diskusje tusken de Eindhoven-spilers oer wa't de strafskop nimme mocht, gie Kabangu sels efter de bal stean. Dat holp net, want Mous kearde it skot. Ek de rebound wie foar de Cambuur-keeper. Kabangu skoarde yn blessueretiid noch wol, mar dy goal waard fanwege bûtenspul oarkard.
René Hake

Cambuur no tolfde

It wie allegear foar de statistiken, want Cambuur koe neat mear oan de efterstân dwaan. Sa sakket de ploech fan René Hake, dy't ek fûn dat Cambuur mei 1-3 noch goed weikaam, nei it tolfde plak yn de earste difyzje.
Matthew Steenvoorden
SC Cambuur - FC Eindhoven 1-3 (1-2): 3. Marcelo Lopes 0-1, 20. Kevin van Kippersluis 1-1, 24. Alvin Daniëls 1-2, 79. Jarno Janssen 1-3
Opstelling SC Cambuur: Xavier Mous; Sai van Wermeskerken, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, David Sambissa; Issa Kallon, Mathias Schils (82. Emmanuel Mbende), Robin Maulun, Justin Mathieu (74. Kevin Conraad); Nigel Robertha (65. Karim Rossi), Kevin van Kippersluis