Froulju SC Hearrenfean mei romme sifers ûnderút yn Eindhoven

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne freedtejûn yn Eindhoven tsjin in flinke nederlaach oanrûn. Op De Herdgang wie koprinner PSV mei leafst 6-1 te sterk. It iennige Fryske doelpunt kaam fan Nathalie van den Heuvel.
In foto fan de earder moeting fan de twa ploegen. © Wiegmink Media
Van den Heuvel wie wol fuortendaliks yn de njoggende minút suksesfol. Sy sette de Feansters op foarsprong, mar tsien minuten letter kaam PSV op likense hichte. Krekt foar it skoft makke Sara Yüceil it twadde doelpunt foar de thúsploech: 2-1.

Kânsleaze twadde helte

Yn de twadde helte slagge de Fryske ploech der net mear yn de wedstriid om te draaien. Katja Snoeijs sette PSV op 3-1, wêrnei't Williams it fjirde doelpunt makke. Aniek Nouwen en alwer Snoeijs soargen úteinlik foar de romme nederlaach.
Takom wike freed spylje de froulju fan SC Hearrenfean in thúswedstriid tsjin PEC Zwolle.