Wedstriid fan de Wike: Bûtenpost-trainer sjocht foarút

Nei fjouwer seizoenen foar VV Bûtenpost makket trainer René van der Weij takom seizoen de oerstap nei SC Genemuiden: fan 'de Blaukes' nei it grienwyt dus. De âld-prof fan ûnder oare SC Cambuur debutearret dit jier mei VV Bûtenpost yn de haadklasse en docht it mei syn seleksje poerbêst. Mei fyftjin punten yn de earste tolve wedstriden ferrasse se in soad minsken.
Online Wedstriid fan de Wike: Bûtenpost-trainer sjocht foarút

Fertrouwen

De bân tusken trainer René van der Weij en de spilers hat mei te krijen mei it fertrouwen dat de trainer yn se hat. Dizze wike spile VV Bûtenpost in bekerduel tsjin sneins-earsteklasser VV Hearrenfean. Se wûnen op besite by de Feansters, mar Van der Weij koe gjin berop dwaan op twa basisspilers dy't nei PSV-Barcelona ta wienen.
"Dat mag van de trainer, maar dan moet je dat vertrouwen dat de trainer jou geeft wel terugbetalen", seit Berend Schootstra. "Ik werk met zogenaamde 'wildcards'", leit Van der Weij út. "Als jij als speler echt niet kunt voetballen, wie ben ik dan om te zeggen dat je er per se moet staan? Messi zie je misschien maar één keer in je leven voetballen. Dan ga ik die jongens niet tegenhouden. Ik hoop dat ze dan wel de volgende wedstrijd een stapje extra voor mij zetten."
René van der Weij

Ferrassing

It tal punten fan Bûtenpost al gau yn it begjin fan de kompetysje komt wol as in ferrassing foar it team. "Foar ús sels is it wol moai, want wy hienen it net ferwachte. Ik tink dat it komt troch dat wy hiel ûnbefongen spylje. It freget wol in hiel oare wize fan fuotbaljen. Yn de haadklasse kinne wy net mear safolle oanfalle as yn de earste klasse", seit middenfjilder Rob Dijkstra.
Rob Dijkstra
Foar de útwedstriid tsjin SC Genemuiden bestean der noch wol wat fraachtekens oer de opstelling by de technyske stêf fan VV Bûtenpost. Sa wie ien fan de sterkhâlders, Rob Dijkstra, dizze wike siik. By SC Genemuiden is Jan van Raalte de trainer. Van Raalte, dy't wennet op De Harkema giet oan it ein fan dit seizoen fuort by Genemuiden.
Berend Schootstra
De wedstriid fan de wike SC Genemuiden - VV Bûtenpost is op de radio streekrjocht te folgjen yn Sneon yn Fryslân. Geert van Tuinen docht ferslach.