Earepinning foar Johannes van Dijk fan Ferwert

30 nov 2018 - 18:41

Ferwerter Johannes van Dijk is freedtemiddei ûnderskieden mei in earepinning fan de gemeente Ferwerderadiel. Dy krige hy útrikt op de Dei fan de Alderein yn wensoarchsintrum Foswert yn it doarp.

Ferwert - Foto: Carolien Dijkstra

Johannes van Dijk hat in soad betsjut foar it yn byld bringen fan de skiednis fan Ferwert. Sa hat er inkelde boeken skreaun oer de histoarje fan it doarp en de gemeente; en jout er rûnliedingen troch it doarp.

De gemeente Ferwerderadiel hâldt 1 jannewaris op te bestean en giet op yn de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)