Net te hurdzjen sa kâld! Hoe krije wy it waarm mei -20?

30 nov 2018 - 17:57

Net skrikke, -20 graden komt deroan! Yn alle gefallen as it oan Piet Paulusma leit. En net allinnich -20, wy krije ek nochris in swiere, kâlde winter mei oerlêst fan snie en rein. Mar der binne ek moaie saken dy't sa'n temperatuer mei har meibringt: sa kinne wy neffens Piet it iis wer op. Mar -20, dat smyt problemen en útdagingen op. Dus... waarmte, hoe soargje wy derfoar dat we wol genietsje kinne fan it winterwaar sûnder dat wy it té kâld krije?

Net te hurdzjen sa kâld! Hoe krije wy it waarm mei -20?

Klaai dy goed oan!

It is kâld dus dan binne goeie klean needsaaklik. En dan hawwe wy it net oer ien wintertrui, mar laachjes! It leafst minimaal trije lagen, wat alle lagen hawwe in oare funksje en soargje derfoar datst goed waarm bliuwst. De earste laach moat focht ôffiere kinne. Hjirby kinst tinke oan termysk ûnderguod. De twadde laach is foar de isolaasje, bygelyks in shirt as trui (as beide). In goeie opsje is hjir fleece, om't it goed isolearret en net al te swier is. Dêr boppe-op komt de tredde laach, en dy hat de funksje om dy te beskermjen tsjin waar en wyn. In wyn- en wettertichte jas is dan it bêste.

Lit it burd stean

Ast dy dan goed oanklaaid hast, dan bliuwt dat bleate bille-gesicht oer. Lokkigernôch hat de natuer de manlju hjirfoar in oplossing jûn: in burd! Lit him mar groeie! It hâldt waarmte fêste, je fernimme minder fan 'e kâlde wyn. In bonus hjirby is dat it der ek nochris hiel kreas útsjocht. Foar de froulju is dit wat dreger... Al kinst it fansels altyd probearje in burd te groeien, of om langer hier te groeien.

Goed ite

De kachel moat waarm bliuwe. Net allinnich de kachel yn hûs, mar ek yn dyn lichem. De winterkost is dêr perfekt foar. It binne swierdere gerjochten, en dus moat it lichem hurder wurkje om se te ferwurkjen as bygelyks in simmersalade. En de temperatuer fan it item waarmet dy eins in bytsje fan binnenút op. Tink bygelyks oan in waarme kom snert, stamppot as stooffleis. Mar tink ek ris oan in waarm begjin fan de dei, mei hjouwermout as brinta.

Alderwetsk baarne

Eartiids wisten de Friezen wol hoe't se it waarm hâlde moasten: mei-inoar foar de iepen hurd. Ek tsjinwurdich hawwe noch genôch minsken dizze klassike kachel yn hûs (tink wol om de buorlju en soargje net foar oerlêst!). Smyt der foaral drûch hout op, dan stjonkt it ek minder. Hast gjin kachel? Gjin noed, in pear kearskes jouwe in selde soart gesellichheid, al falt it mei de waarmte wat ôf. Ien waksineljocht jout mar 30 watt oan waarmte ôf, en dus moatte je inkele hûnderten kearskes opstekke foar't je in gemiddelde wenkeamer ferwaarmje kinne. Dat wol net sizze dat je it net besykje kinne...op eigen risiko.

Hâld de kalinder yn 'e gaten

Ta beslút miskien it bêste advys as je it net sa op de kjeld hawwe: foarút sjen! It sil net altyd sa kâld bliuwe, foardat je it witte is it alwer simmer en dan wurdt it wer hiel waarm. En in wize man sei ea, de tiid hâldt gjin skoft. Dus foardat je it witte is it alwer simmer.

Net te hurdzjen sa kâld! Hoe krije wy it waarm mei -20?

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma winter kjeld
(Advertinsje)
(Advertinsje)