Minister: "Fryske taal net allinnich in rjocht, mar it moat gewoan wêze"

30 nov 2018 - 17:00

De Fryske taal is as ûnderdiel fan de regionale identiteit net inkeld in rjocht, mar ek in saak dy't gewoan wêze moat. Dat stiet yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer foar 2019 oant 2023, dy't freed ûndertekene is troch minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken en kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat barde yn it taalbelibbingssintrum Obe.

Mei de bestjoersôfspraak jouwe it Ryk en de provinsje Fryslân ynfolling oan de Wet gebrûk Fryske taal. De ôfspraken binne basearre op it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden.

Mear skriuwe, lêze en sprekke

Doelstelling fan de ôfspraken is dat der in taname komt fan it tal minsken dat de Fryske taal skriuwt, lêst en sprekt. De deputearre dy't it Frysk yn portefúlje hat, wurdt de taalskipper. Dat is ien dy't it neikommen fan de ôfspraken yn de gaten hâldt. Op dit stuit is deputearre Sietske Poepjes taalskipper. De provinsje krijt jierliks oardel ton foar dy funksje fan it Ryk.

Kajsa Ollongren en Arno Brok - Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Sintraal meldpunt foar klachten

Nij is ek dat der in sintraal meldpunt Frysk by de provinsje komt foar klachten oer taalbelied en taaldiskriminaasje. Ekstra omtinken is der foar it Frysk yn it ûnderwiis. Alle skoallen yn it Fryske taalgebiet moatte yn 2030 foldwaan oan de kearndoelen fan it Frysk. De ynspeksje sil tafersjoch hâlde op de kwaliteit fan it fak Frysk,

Alle jierren wurdt der ek 220.000 euro frijmakke foar de learstoel Frysk by de Ryksuniversiteit Grins. It Ryk en provinsje betelje beide de helte fan dat bedrach. Yn de nije bestjoersôfspraak Frysk binne advizen fan advysorgaan Dingtiid oernommen, lykas de komst fan de taalskipper.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Mei de bestjoersôfspraak leit der in tige goede basis.

Deputearre Sietske Poepjes

Deputearre Sietske Poepjes: "Ik bin der tige wiis mei dat wy dizze wichtige ôfspraken oer de Fryske taal en kultuer makke hawwe foar de kommende fiif jier. It is in bestjoersôfspraak tusken it Ryk en de provinsje, mar mei en foar de Fryske mienskip ta stân kommen. Wy geane mei faasje fierder mei it Frysk. Mei de bestjoersôfspraak leit der in tige goede basis."

Ollongren, Brok en Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Situaasje Fryske Akademy yn kaart

Yn it bestjoersakkoart ha it Ryk en de provinsje ek ôfpraat dat Fryslân op koarte termyn de situaasje fan de Fryske Akademy goed yn kaart bringt. It giet dêrby om de finansjele en bestjoerlike situaasje, de organisaasje fan it wittenskiplike ynstitút en de ferbining mei de KNAW, de Keninklijke Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.

"Mei de bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer leit der no de kâns om mei de oanbelangjende partijen ta in sûne en takomstbestindige ynrjochting te kommen foar de Fryske Akademy as wittenskiplik ynstitút," seit Poepjes.

Dêrnjonken sette de provinsje en it Ryk har yn foar de sichtberens fan it Frysk. Dy moat grutter wurde, lykas yn de iepenbiere romte, op paadwiisbuorden en ek by keunst- en kultuerprojekten. De bestjoersôfspraak foarmet de basis fan it taalbelied yn de rjochtspraak, media, soarch en kultuer.

Frysk yn noardeast-Fryslân

In konkrete ynfolling fan de ôfspraken wie der freed direkt al. De gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dantumadiel tekenen mei-inoar in bestjoerlike oerienkomst mei it Ryk en de provinsje. Utgongspunt is dat it gebrûk fan de Fryske taal der nei de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2019 der net op efterút giet.

Dizze BFTK is de fiifde bestjoersôfspraak sûnt de earste bestjoersôfspraak yn 1989 ta stân kaam. It ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes jout foar fiif jier in ekstra jierlikse bydrage fan 150.000 foar de Wet gebrûk Fryske taal. Foar Frysk yn it ûnderwiis jout it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip ienris in bydrage fan 333.331.

(advertinsje)