Lêste kâns: stim hjir op dyn favorite sportmomint fan 2018!

03 des 2018 - 11:00

Omrop Fryslân, De Leeuwarder Courant, Provinsje Fryslân en Sport Fryslân organisearje dit jier de Sportmominten fan 2018. In sjuery hat de belangrykste, moaiste of bysûnderste mominten útkeazen. Oan de hân fan dizze 30 mominten kieze jo de top fiif.

Dizze dei is de lêste mooglikheid om te stimmen. Klik op dizze link en stim!

Foto: Omrop Fryslân

It jier 2018 wie in moai Frysk sportjier. Op de Olympyske Spelen hellen de Friezen wer in fracht oan medaljes binnen, mar ek wrâldtitels en Europeeske titels bleaune net út. Sjoch hjir nei it twadde diel mei 15 fragminten. It earste diel is hjir te finen.

Sven Kramer wûn op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä foar de tredde kear goud op de fiif kilometer. Hy die dat yn in olympysk rekôr fan 6.09.76. Mei dy tiid liet hy syn grutte konkurrint Ted-Jan Bloemen en de Noar Sverre Lunde Pedersen efter him.

Ireen Wüst pakte op 12 febrewaris op de Olympyske Spelen de gouden medalje op de 1500 meter. Yn in tiid fan 1.54.35 wie Wüst yn Súd-Koreä de rapste. Marrit Leenstra pakte it brûns yn 1.55.26. Dêrtusken kaam de Japanske topfavoryt Miho Takagi mei 1.54.55. It wie foar Wüst de fjirde kear dat sy op de Olympyske Spelen op de heechste trêd fan it poadium stean mocht.

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea wûn op de earste dei fan de Olympyske Spelen sulver op de 1500 meter. Allinnich de Súd-Koreaan Lin wie rapper. It wie foar Knegt de twadde medalje op de Winterspelen. Yn 2014 pakte er yn Ruslân brûns op de 1000 meter.

Pieter-Jan Postma waard yn augustus yn de Finn-klasse op de WK silen tredde. Yn Aarhus seach de 36-jierrige siler út Terkaple de Hongaar Zsombor Berecz goud pakken. De Sweed Max Salminen waard twadde. Mei de brûnzen plak die Postma ek goede saken foar in startbewiis op de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio.

Foar Sherida Spitse wie 2018 ek in bysûnder jier. De fuotbalster, dy't berne is yn Snits, spile yn juny tsjin Slowakije har 150e ynterlân. Ekstra spesjaal wie dat dy wedstriid ek noch ris spile waard yn Fryslân, nammentlik yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Mar it absolute hichtepunt foar Spitse wie de pleatsing foar it WK fuotbal yn 2019. Yn de finale fan de play-offs wie Oranje, ûnder mear troch in goal fan Spitse, oer twa wedstriden mei 4-1 te sterk foar Switserlân.

Marten Walinga wûn yn augustus yn it stedhûs fan Ljouwert it earste WK Frysk damjen. De ynwenner fan Waaksens fersloech Alexander Georgiev út Sint-Petersburch. Der wie in ekstra wedstriid nedich om te bepalen wa't wrâldkampioen wurde soe, omdat de finalisten likefolle punten hiene.

It skûtsje fan Grou waard yn augustus nei in tige spannende slotwedstriid op 'e nij kampioen fan de SKS. De slotwedstriid op de Snitser Mar smite in oerwinning op foar d'Heale Moanne, mar it twadde plak fan Grou wie genôch om de kopposysje yn it klassemint oer te nimmen fan It Hearrenfean, dat fjirde waard op de Snitser Mar. Yn it klassemint kamen de twa skûtsjes op likefolle punten (43,8) en dan jout de útslach yn de slotwedstriid de trochslach.

Paralympysk swimster Liesette Bruinsma wie yn 2018 wer tige suksesfol. De 18-jierrige swimster fan Wommels swom dit jier leafst trije wrâldrekôrs: twa kear op de 100 meter frije slach en ien kear op de 400 meter frije slach. Op it EK para-swimmen yn it Ierske Dublin wûn Bruinsma fjouwer gouden medaljes. De 100 meter frij, de 400 meter frij, de 100 meter skoalslach en de 200 meter wikselslach wiene proai foar de Friezinne.

Sportklup Cambuur waard yn maaie ferrassend útskeakele yn de earste ronde fan de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. De Ljouwerters liken mei gemak de folgjende ronde te berikken yn it twalûk mei FC Dordrecht nei de klinkende 4-1 útoerwinning. Se giene lykwols yn eigen stadion nei penaltys ûnderút, nei't Dordrecht yn de reguliere tiid ek in 4-1 foarsprong pakt hie.

It Nederlânske kuorbalteam pakte yn oktober op It Hearrenfean de Europeeske titel. Yn de finale wie Nederlân mei 21-8 te sterk foar Dútslân, dat foar it earst yn de finale stie. De iennige Fries yn de seleksje fan Oranje, Erwin Zwart, begûn op de bank. En dêr wie hy net al te bliid mei...

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Nyck de Vries wûn yn Hongarije foar it earst in haadrace yn de Formule 2. De koereur fan Snits hie yn earste ynstânsje in grutte efterstân op koprinner Lando Norris, mar tsjin it ein fan de race slagge hy deryn de Brit te passearjen. De Vries wûn letter dit jier ek noch de haadrace yn it Belgyske Spa.

Alyda Norbruis - Foto: www.orange-pictures.nl

Parahurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp sleepte yn 2018 trije gouden medaljes yn 'e wacht by de wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen yn Rio de Janeiro yn Brazilië. Se wûn goud op de 500 meter tiidrit, de scratch en op de trije kilometer efterfolging. It wie foar Norbruis de twadde kear dat se op in WK trije gouden medaljes binnenhellet.

Mei in nij persoanlik rekôr fan 21.40 meter waard Oane Galama fan It Heidenskip kampioen by de senioaren op it NK fierljeppen yn Burgum. Syn âlde rekôr wie 21.16 meter. De fierljepper wennet tsjintwurdich yn Nij-Seelân en kaam spesjaal foar it NK werom nei Fryslân.

Turnster Sanne Wevers fan It Hearrenfean pakte yn augustus foar it earst yn har karriêre de Europeeske titel op 'e balke. De regearjend olympysk kampioene op dat tastel kaam yn Glasgow ta in skoare fan 13,900. Dêrmei wie se yn de finale in klasse apart.

De Nederlânske shorttracksters feroveren op 20 febrewaris in ûnferwachte brûnzen medalje op de 3000 meter ôflossing by de Olympyske Spelen. De ploech, mei Jorien ter Mors, Suzanne Schulting, Yara van Kerhof en Lara van Ruijven, profitearre fan de diskwalifikaasjes fan Sina en Kanada yn de A-finale. De Nederlânske ploech skode as winner fan de B-finale troch nei it tredde plak yn de einstân. Gastlân Súd-Koreä wûn it goud, Italië pakte de sulveren medalje.

Hawwe jo in kar meitsjen kinnen? Klik dan op dizze link en stim! Op 14 desimber wurdt de top 10 bekend makke yn in spesjale útstjoering by Omrop Fryslân.

(bylden fan de Olympyske Spelen mei Omrop Fryslân fanwege de rjochten spitigernôch net útstjoere)

Trefwurden: 
Sportsjo Sportmominten
(advertinsje)