Doarpsplan fan Sint-Nyksters wurdt oernaam troch gemeente

30 nov 2018 - 16:13

In ûntwikkelingsplan dat ynwenners fan Sint-Nyk mei-inoar makke hawwe, komt yn de wenfyzje fan de gemeente De Fryske Marren. In komitee mei fertsjinwurdigers út ferskate organisaasjes en ferienings hat him bûgd oer wat der dien wurde kin op it mêd fan sport, wenjen en ûnderwiis. Dêr is in plan útrôle dat breed droegen wurdt yn it doarp.

Foto: Omrop Fryslan

It CDA en de VVD yn De Fryske Marren hawwe der foar soarge dat it plan yn de gemeentlike wenfyzje opnaam wurdt. De partijen fine Sint-Nyk in foarbyld foar oare doarpen. "De inzet wordt enorm gewaardeerd. Een lange-termijnontwikkeling van Sintnicolaasga is uiteindelijk ook van belang voor de leefbaarheid in het dorp", seit CDA-riedslid Meine van Dijk.

It is it doel dat by plannen fan oare doarpen ek besjoen wurdt oft se yn de gemeentlike plannen opnaam wurde kinne.

(advertinsje)