Groep 'giele heskes' wol sneon ek yn Ljouwert demonstrearje

It liket derop dat in Nederlânske groep 'giele heskes' sneontemiddei yn Ljouwert demonstrearje sil. Op in besletten groep op Facebook stiet dat de demonstranten harren middeis by it gerjochtsgebou yn Ljouwert sammelje sille.
© ANP
De beweging fan 'giele heskes' ûntstie earder dit jier yn Frankryk en protestearret dêr al wiken tsjin benammen de hege brânstofprizen yn it lân. De Nederlânske groep soe yn Ljouwert demonstrearje wolle tsjin de hieltyd heger wurdende prizen foar libbensûnderhâld. Ek yn stêden lykas Den Haag en Grins steane demonstraasjes pland.
De gemeente Ljouwert seit yn in reaksje dat der gjin oanfraach foar in demonstraasje binnen kaam is. De gemeente hâldt de situaasje yn 'e gaten mar sil foarearst gjin maatregels treffe.