Ferdigener Nicolai Næss ferlit Hearrenfean yn de winter foar Sarpsborg

30 nov 2018 - 15:19

Nicolai Næss ferlit SC Hearrenfean yn de winterstop. De 25-jierrige ferdigener hat noch in kontrakt oant de ein fan dit seizoen, mar tekenet in kontrakt by de Noarske klup Sarpsborg 08.

Nicolai Næss earder dit seizoen - Foto: www.orange-pictures.nl

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean: "We willen Nicolai bedanken voor zijn geweldige professionaliteit. We zijn blij dat hij nu een nieuwe uitdaging bij Sarpsborg 08 gevonden heeft. We wensen hem heel veel succes bij het vervolg van zijn carrière."

Næss kaam yn de simmer fan 2017 oer fan Columbus Crew. Hy makke syn debút op 23 desimber 2017 en spile yn totaal 10 earedifyzjewedstriden foar SC Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)