Oplichtster út Donkerboek moat heal jier de sel yn

In 51-jierrige frou út Donkerbroek is feroardiele ta in selstraf fan in heal jier, plus in heal jier ûnder betingst. De frou hat fan twa minsken sa'n 5.000 euro fertsjustere.
Justysje © Shutterstock.com
De frou is earder foar itselde misdriuw feroardiele. Se makke der in gewoante fan om benammen by âldere manlju in begrutlik ferhaal op te hingjen om se sa jild ôfhandich te meitsjen. Se brûkte it jild nei alle gedachten om har drugsferslaving betelje te kinnen. De frou is earder feroardiele en opnaam west foar it behanneljen fan har ferslaving, mar dat helle neat út. Se moat har no opnij behannelje litte, mei gjin drank en drugs mear brûke en moat ferhúzje nei in ynstelling foar begelaat wenjen. De 5.000 euro moat se werombetelje.