Freedsmerk: "Boargemaster Crone is ien fan de bêsten dy't de stêd hân hat"

30 nov 2018 - 13:58

"Ien fan de bêsten dy't de stêd ea hân hat", dat wie in kwalifikaasje dy't boargemaster Crone krige op de Ljouwerter freedsmerk. Crone giet yn de simmer fuort.

Foto: Gemeente Ljouwert

De freedsmerk oer Ferd Crone

"In sichtbere boargemaster, ien dy't tusken de minsken stie, dy't trochpakte yn it sluten fan drugspannen, dy't Ljouwert op de kaart setten hat, koartsein: in soad superlativen. "Fyn mar wer ien fan dit kaliber, dat sil net tafalle." Fansels waard in protte linkt oan syn ynset foar Ljouwert Kulturele Haadstêd en dêrom waard dit ek wol sjoen as in logysk momint.

"Jo moatte ophâlde op it hichtepunt." Krityk wie der ek: "Henk Deinum fuort, en no Crone fuort: it hat wat fan in flecht. Der sil noch wol wat rekkentsjes efterwei komme, dy't de gewoane Ljouwerter daliks noch betelje moat."

Ideeën foar in mooglike opfolger hiene de measten net: "It leafste ien dy't we sels kieze kinne." In oar wie wol konkreet en neamde Hans Wiegel of Lutz Jacobi. Mar oaren seagen dat wer hielendal net sitten: "Lutz, dan wurdt it wat té populêr". En ek noch: "Nee, bliksem. Dy Lutz mutte we hier net hewwe!"

Trefwurden: 
freedsmerk Crone
(advertinsje)