Frijspraak foar eigener fan skip Amicitia

30 nov 2018 - 13:24

De eigener fan it skip Amicitia is frijsprutsen. Tsjin him wie twa wiken werom in wurkstraf fan 200 oeren en trije moannen selstraf ûnder betingst easke. De 53-jierrige skipper uit Stiens waard ferfolge foar dea troch skuld.

Foto: Noordernieuws

By in ûngelok op syn skip, yn augustus 2016, kamen trije Dútsers om it libben doe't de mêst ôfbruts en op de passazjiers terjochte kaam. Neffens de rjochtbank koe net bewiisd wurde dat it syn skuld wie.

De rjochtbank seit dat it de fertochte wol te ferwiten falt dat hy him "onvoldoende heeft laten informeren over de staat van onderhoud van de mast en onvoldoende toezicht heeft gehouden op de verrichte werkzaamheden".

Ek hie de man út Stiens reparaasjes net melden by de keuringsynstânsje. Mar dat is neffens de rjochtbank net genôch om de fertochte te feroardieljen foar dea troch skuld.

Al hie de man him wol better ynformearje litten, dan "had dit waarschijnlijk niet gemaakt dat de aantasting van het hout achter de gaffelplaat tijdig was onderkend".

Trefwurden: 
Amicitia
(advertinsje)