Plannen foar wenningbou op plak stedsskouboarch Trebol

30 nov 2018 - 13:16

Ynvestearringsbedriuw Harns Invest hat serieuze plannen foar wenningbou op it plak fan stedsskouboarch Trebol yn Harns. It bedriuw is yn petear mei de gemeente Harns om it bestimmingsplan te wizigjen.

Foto: Google Street View

Trebol kampt mei sa'n oerdel miljoen euro efterstallich ûnderhâld en alle jierren moat der in ton oant oardel ton bylein wurde om de eksploitaasje rûn te krijen.

De hjoeddeiske eigener hat Harns Invest benadere foar help, want it pachtkontrakt rint ôf yn augustus 2019 Dat betsjut wol dat bygelyks de bridgeclub op syk moat nei in nije lokaasje. En ek it sinteklaas-mearke, dat freedtejûn opfierd wurdt, moat omsjen nei in oar plak. Reinoud van der Bos fan Harns Invest lit witte dat se fan plan binne om de nijbou yn de styl fan it âlde Trebol te bouwen út begjin 1900. Van der Bos ferwachtet dat der op koarte termyn dúdlikheid komt oer de bouplannen.

Trebol is yn 1999 ferkocht oan de famylje Gerstel. Dêrnei ha der noch sa'n 5 eksploitanten west. Reinoud van der Bos lit witte dat der genôch oare lokaasjes yn de stêd binne dy't de aktiviteiten fan Trebol oernimme kinne. Bygelyks it Entrepotgebou en De Koornbeurs yn Frjentsjer binne der ek noch.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie del by de Trebol

(advertinsje)