Mem lit twa-jierrich berntsje allinnich thús, plysje grypt yn

30 nov 2018 - 13:05

Plysjes yn Ljouwert hawwe tongersdei in berntsje fan twa jier allinnich thús oantroffen. De plysje hie in tip krigen fan minsken dy't harren soargen makken oer de pjut.

Foto: Pixabay

Doe't de plysje by de wenning oankaam, waard der net iepen dien. De plysjes giene úteinlik dochs nei binnen en fûnen it berntsje fan twa jier oerstjoer yn it hûs. De plysjes hawwe de pjut treasten.

De mem fan it berntsje kaam pas nei in oere wer thús en is op har gedrach oansprutsen. Der is ek fuortendaliks in spoedsoarchmelding dien om it húshâlding te begelieden.

Trefwurden: 
plysje bern
(advertinsje)