Gjin ekskuzen foar SC Hearrenfean: der moat no thús echt wûn wurde

SC Hearrenfean wachtet noch altiten op de alderearste thúsoerwinning fan dit seizoen. En dus stiet der in soad druk op de wedstriid takom sneon tsjin promovendus Fortuna Sittard.
Jan Olde Riekerink oer de wedstriid tsjin Fortuna Sittard
Alles minder as in oerwinning soarget foar ekstra spanning fan bûtenôf, al fielt trainer Jan Olde Riekerink gjin ekstra druk. "Ik voel bij elke wedstrijd spanning. Het zou raar zijn als je dan nu bij jezelf wat extra's naar boven kunt halen, omdat je in een fase zit dat je wat minder presteert."

"We moeten het nu op het veld laten zien"

Neffens oanfierder Daniel Høegh binne der gjin ekskuzen en moat Hearrenfean de earste thúsoerwinning helje fan dit seizoen. "We moeten stoppen met praten en het nu op het veld laten zien. Dit is echt een belangrijke wedstrijd, belangrijker ook dan die tegen PSV. We moeten thuis winnen van Fortuna. "
Daniel Hoegh oer Fortuna Sittard

Goede start foar Fortuna Sittard

Wie Fortuna Sittard oan de begjin fan dit seizoen op papier noch in degradaasjekandidaat, nei 13 wedstriden stiet de ploech op in kreas 9e plak. Ald-Cambuur-fuotballer Mark Diemers spilet in opfallende rol op it middenfjild. De Ljouwerter is mei sân assists in belangryke pion yn it alvetal fan trainer René Eijer.

Jizz Hornkamp op de fleugel

Oanfaller Jizz Hornkamp, dy't dit seizoen al twa kear skoarde, wurdt omturnd ta rjochterfleugelferdigener. Hornkamp is fan orizjine sintrumspits, mar kriget op dy posysje net in soad minuten fan Olde Riekerink.
Jan Olde Riekerink oer Jizz Hornkamp

Pierie werom yn it sintrum

Ofrûne wykein wûn Fortuna Sittard mei romme sifers fan Heracles Almelo (3-0). Boppedat is de ploech mei PSV en Willem II de iennige klup dy't yn alle útduels in doelpunt wist te meitsjen. Mar dêr stiet dan wer tsjinoer dat Fortuna gjin inkelde kear de 'nul' hold.
SC Hearrenfean is werom te finen op it 12e plak. Trainer Olde Riekerink kin tsjin Fortuna net beskikke oer Morten Thorsby en Dave Bulthuis. Thorsby krige ferline wike tsjin PSV in reade kaart en is ien wedstriid skorst. Bulthuis krige yn Eindhoven syn fjirde giele kaart fan it seizoen en moat ek fan de tribune tasjen.
Lucas Woudenberg sil nei alle gedachten oan de linkerkant stean wêrtroch't Kik Pierie opskoot nei it sintrum. Op it middenfjild is der in plak frykaam foar Yuki Kobayashi. Ek oanfaller Sam Lammers is der net by. Hy hat yn de wedstriid tsjin PSV in boppeskonkblessuere oprûn.
Ferwachte opstelling: Hahn, Floranus, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Kobayashi, Vlap, Van Bergen, Van Amersfoort/Hornkamp en Zeneli.