Ynbrekkers juwelier Oerterp op 'e rin nei't alarm ôf giet

30 nov 2018 - 12:41

By in juwelier oan de Selmien-West yn Oerterp is yn de nacht fan woansdei op tongersdei besocht yn te brekken.

De ynbrekkers kamen binnen fia it dak, mar naaiden út doe't it alarm ôf gie. Se hawwe neffens de plysje neat meinaam. De plysje ûndersiket de ynbraak en freget tsjûgen om har te melden.

(advertinsje)