Redbad-produsint easket twa ton fan YouTube

30 nov 2018 - 12:39

Produsint Klaas de Jong fan de film Redbad easket twa ton fan YouTube foar it yllegaal fersprieden fan de film. In yllegale kopy fan de film waard ôfrûne wiken in heal miljoen kear besjoen op YouTube.

Klaas de Jong – filmprodusint - Foto: Omrop Fryslân Oane Hoekstra

"Dit leidt tot een situatie waarin wij als producenten wekelijks de illegale links van onze films moeten checken op YouTube en moeten smeken deze te laten verwijderen waarna ze direct via een ander kanaal weer de lucht in gaan", seit De Jong.

It fideo-kanaal hie reklameblokken linkt oan de film. Op dy manier hat YouTube in verdien-model makke fan it yllegaal fersprieden fan materiaal, seit produsint Klaas de Jong. De website seit dat dy allinne mar in host is en dat dy der neat oan dwaan kin as brûkers der yllegaal materiaal op set.

"We hebben het hier over een illegaal en strafbaar feit. En YouTube onttrekt zich aan elke verantwoordelijkheid."

YouTube seit nea yn te gean op "individuele gevallen. Producenten van een film kunnen zich melden als zij constateren dat hun content wordt verspreid. Dan wordt de film verwijderd."

(advertinsje)