Hokker Fries wennet it fierst fan in supermerk?

30 nov 2018 - 12:14

De gemiddelde ôfstân fan hûs nei in supermerke is yn Fryslân it grutst yn de âlde gemeente Littenseradiel: 2,3 kilometer. Op Flylân hoege minsken net sa fier: sa'n 400 meter.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dat docht freed bliken út sifers fan it CBS. Ek op de oare Waadeilannen hoechst net fier te rinnen, fytsen of riden foar dyn boadskippen. De ôfstân is op Skylge it grutst, mei 800 meter. Op it fêste lân is it net in ferrassing dat Ljouwert leech útkomt mei 800 meter. Yn Weststellingwerf (2,2 kilometer) en Kollumerlân cs. (2 kilometer) moatst ek in ein ride foar in supermerke. De sifers binne fan 2017. De âlde gemeenten lykas Littenseradiel en Kollumerlân sitte der dan noch by.

Bioskoop

Wa't as ynwenner fan de Waadeilannen nei in bioskoop wol, moat lang reizgje. Fan Skiermûntseach ôf is it 56,4 kilometer nei de bioskoop dy't it tichtst by is. Op Flylân (600 meter gemiddeld) is wol in bioskoop, wêr't ek de ynwenners fan Skylge fan profitearje: sy hoege 'mar' 22,7 kilometer te reizgjen.

Restaurant

Fanwegen it toerisme is der in ferskaat oan restaurants op de Waadeilannen. Ynwenners kinne dan ek te rinnen nei in restaurant, dat gemiddeld mar in pear hûndert meter fierderop leit. Op it fêste lân moatte ynwenners fan de âlde gemeenten Frjentsjerteradiel en Menameradiel 2,4 kilometer ride, fytse of rinne.

Wolsto witte hoe fier it yn dyn gemeente is nei in supermerke, restaurant of bioskoop? Sjoch dan hjir.

Trefwurden: 
Littenseradiel Flylân CBS
(advertinsje)