Harnzer delegaasje besiket yn Sevilla Tall Ships Races 2022 binnen te heljen

30 nov 2018 - 11:13

In delegaasje út Harns, mei ûnder oare boargemaster Roel Sluiter, foarsitter Jan Reier Arends fan de Tall Ships Races en direkteur Arjen Mintjes fan de Maritime Akademy, sit mominteel yn Sevilla om de Tall Ships yn 2022 wer nei Harns te heljen.

Foto: Omrop Fryslan

Yn Sevilla is dizze dagen The International Sail Training and Tall Ships Conference. Harns sil him hjir offisjeel beskikber stelle as hostport foar 2022. De gemeenteried hat him hjir unanym posityf oer útsprutsen. As it trochgiet, dan wurdt it de tredde kear dat Harns dit grutte nautyske evenemint binnen hellet.

By de edysje fan dit jier wiene der mear as 335.000 besikers yn Harns.

(advertinsje)
(advertinsje)