Tsjerken liede needklok foar klimaat

30 nov 2018 - 11:06

De tsjerken yn Reduzum, Idaerd en Friens liede sneon om twa minuten foar tolven de needklok foar it klimaat.

Foto: Google Street View

De tsjerkeried wol op dizze wize in sinjaal ôfjaan oan de politisy dy't fan 3 oant 14 desimber nei de grutte klimaatgearkomste yn Poalen sille. Dizze COP24 yn Poalen is de belangrykste klimaatgearkomste sûnt Parijs yn 2015.

De gemeente yn de Fryske doarpen dy't de needklok liede, is oansluten by de Groenekerkenactie. Dizze organisaasje rjochtet him op duorsumens. Lanlik sjoen sille 275 tsjerken, moskeeën en kariljons de needklok liede.

Trefwurden: 
Reduzum tsjerken
(advertinsje)