Foar 90 miljoen oan plannen as ferfolch op Kulturele Haadstêd

Kulturele organisaasjes yn Fryslân hawwe foar 90 miljoen euro oan plannen lizzen as ferfolch op Kulturele Haadstêd. Dat stiet yn it presintearre rapport 'Wij zullen doorgaan'. It giet om plannen foar de jierren 2019 en 2020. Foar mear as 60 miljoen fan de nedige 90 miljoen is neffens de plannemakkers al dekking fûn.
De aftermovie op de Aldehou © Hoge Noorden
Foar it rapport is in ynventarisaasje makke fan de plannen dy't kultureel Fryslân hat as ferfolch op 2018. It giet om 175 plannen fan 66 ferskillende organisaasjes. Dy plannen fariearje bot, sa wol it Fries Museum útwreidzje foar in bedrach fan 20 miljoen euro, wylst yn Smellingerlân plannen binne foar in iepenloftspul.
Neffens it rapport binne der 23 plannen dy't de term 'blockbuster' fertsjinje, dat binne inisjativen dy't nei ferwachting mear as 25.000 besikers lûke sille. Opfallend is dat foar it grutste diel fan dizze plannen noch oanfoljende finansiering nedich is. It giet ûnder oare om tsien inisjativen fan it Fries Museum en keramykmuseum Princessehof.
De programmapresintaasje fan LF2018 yn Ljouwert © ANP
Om ta in goeie ôfstimming fan de plannen te kommen is it doel in stichting op te rjochtsjen, dy't ek in programmakoördinator yn tsjinst nimt. Dizze stichting soe ek in rol spylje moatte by it oanfreegjen fan de oanfoljende finansiering.
Koartlyn stelde de provinsje twa miljoen yn it jier beskikber foar it ferfolch fan Kulturele Haadstêd yn 2019 en 2020. Ek is der in heal miljoen beskikber foar de promoasje fan de aktiviteiten fia Merk Fryslân.