Oaljekrapte troch leech wetter yn de rivieren: it is puzzeljen

Yn oare parten fan it lân stean pompen drûch, mar yn Fryslân slagget it de gruthannelers noch altyd om oan de fraach te foldwaan. Troch de lege wetterstân yn de grutte rivieren kinne binnenfeartskippen minder benzine en disel ferfiere.
© Pixabay
"It kostet ús mear muoite om oan de fraach te foldwaan, mar it slagget noch altyd." Direkteur Schelte Halma moast de ôfrûne wiken puzelje om genôch oalje te krijen. "Soms is ien fan de frachtweinen ûnderweis nei it depot yn Zwolle en dan krije je healwei berjocht dat se leech binne, dan moat de frachtwein nei Grins, mar dêr is hy dan fansels ek net de iennige."
Njonken Zwolle en Grins kin Halma eventueel útwike nei Kampen. Disel ha se foarearst noch genôch. Dat kinne se ek noch helje út depots yn Snits en Harns.
Arnold Veenema fan Veenema Olie werkent it probleem. "It is spannend, giet it ús slagjen om foldwaande foarried te hâlden?" Veenema hâldt de waarapps yn 'e gaten en dy foarsizze neffens him dat der dit wykein wetter komt. Mar as dat genôch is om it wetter yn de Ryn omheech te krijen, is fansels noch mar de fraach.