Kollum: "Libje as in bist"

30 nov 2018 - 07:46

"Ik bin der altyd mei dwaande dat ús bisten fatsoenlik iten krije. Gjin rotsoai fol granen en sûkers en foaral net tefolle want dan wurde se te grou. By de bistedokter hinget in plankje mei sêfte feltsjes en ast dêr oer aaist, kinst fiele hoe't it fielt as dyn bist te grou, te meager of krekt goed is.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Neidat ik de safolste pûde sûkeladepipernuten soldaat makke hie, betocht ik my dat ik better op myn bisten pas as op mysels en neffens my is dat by in hiele soad minsken sa. We frette en sûpe omraak en it measte dêrfan soene we ús bisten net iens foarsette omdat it net sûn is.

Ik bin der hast wol wis fan dat ús Fryske hynder Mindert ek samar in pûde pipernuten opfret as ik it him jaan soe. Dochs is it apart dat ik soks net doch, mar mysels wol foar de gek hâld en mar troch-yt wylst it hielendal net goed is. Ik ha myn libben yntusken bettere, want úteinlik fiel ik my der ek net goed by.

En doe seach ik dat der in boekje skreaun is mei as titel: Leef als een beest. Koartsein stiet yn dat boekje wêrom't ûnder oare in burn-out, depresje, obesitas en hege bloeddruk feroarsake wurde troch wat we ús liif oandogge en wêr't dat liif foar makke is. En dat wurdt allegearre oars as we ús realisearje dat we eins in bist binne.

It moderne minsk liket op de bestjoerder fan in oldtimer dy't op in Dútske Autobahn rydt. Hy fielt him hiel wat, mar hy soe folle better ta syn rjocht komme op in rêstige boerereed. Mei oare wurden; it liif kin ús ferstân net altyd byhâlde. Dat komt omdat we noch te krijen ha mei DNA út de oertiid. Tusken wat we dogge en wolle en wêr't de evolúsje ús foar útrêsten hat, sit in hiel grut gat.

Us breinen binne troch de byldskerms en de telefoan ivich warber, wylst neat dwaan út en troch hiel goed is foar it ferstân. Us liven wolle hjoeddeis leaver net al te folle mear bewege en mei liften, roltreppen en auto's hoecht dat ek amper mear, mar dochs is beweging wol wichtich. En we wurde konfrontearre mei moderne stress-sitewaasjes dêr't ús oerâld systeem noch op reagearret mei net-funksjonele ferskynsels.

We binne ek boud op krapte, mar libje wat it iten oanbelanget yn oerfloed. Mar tsjin de krapte fan eartiids, hawwe de organismen yn 'e rin fan de evolúsje fantastyske ferdigeningen opboud, sa as de stofwikseling suniger ôfstelle wylst dy net hurder giet ast mear ytst. We sliepe faak te min en troch it keunstljocht binne we it natuerlike slieppatroan kwytrekke.

Dus sliep, beweech, yt, ûntspan en belibje as in bist! En mei belibje bedoele se dat we mear yn it hjir en no wêze moatte. Mar om te libjen as in bist, moatst al tinke as in minsk. Sadwaande kinst al dizze dingen better begripe en de spjalt ticht besykje te meitsjen. Behannelje dysels as dyn leafste húsdier en besykje wer yn kontakt te kommen mei it bist yn dysels. En gjin bist yn 'e frije natuer wurket him dea want sa dom binne se net.

"In het beginsel draait het bestaan om voedsel en seks." Dizze sin stiet ek yn it boekje, mar dan soest sizze dat der by in soad net iens it measte feroare is. Aai inoar dan mar leafdefol oer it feltsje om te fielen as it bist yn dyn bêd noch yn perfekte kondysje is, of net. Dêr hoechst net foar nei de bistedokter, dus foar dat jild kinst wer wat lekkers keapje."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)