Slachtoffers fan fynstof troch houtkachels bondelje harren krêften

Fryske slachtoffers fan fynstof dat frij komt út houtkachels bondelje harren krêften rjochting gemeenten. Dat is de útkomst fan in gearkomste yn Ljouwert dêr't in lytse 60 minsken út de hiele provinsje op ôfkamen.
© Pixabay
De jûn waard organisearre troch Ronnie Pieters en syn frou út Ljouwert. Sy wenje sels yn de wyk Westeinde en ha op syn minst 13 huzen yn in straal fan 150 meter dy't in houtkachel ha. De minsken op de jûn ha sûnensproblemen krigen troch de reek fan de kachels.
Jos Merks fan de webside houtrook.nl wie ien fan de sprekkers op de jûn. Hy ropt de minsken op om allegearre in fersyk ta hanthavening nei harren gemeente te stjoeren as se lêst ha fan in houtkachel fan in buertgenoat. De gemeente moat dêr wol op reagearje.
Troch mear mei inoar gear te wurkjen, hoopje de slachtoffers mear klear te krijen yn harren striid tsjin de houtkachels dy't foaral yn de hjerst en winter in soad brûkt wurde. Inisjatyfnimmer Pieters hopet dat de "Friezen foar frisse loft" in grutte beweging wurde sil.