Piet Paulusma: "It wurdt in swiere, kâlde winter"

30 nov 2018 - 10:21

We krije in swiere, kâlde winter mei oerlêst troch izel, snie en froast. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn definitive winterwaarfoarsizzing.

Foto: Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân

Yn de lêste Pietcast fertelt Piet Paulusma mear oer it kommende winterwaar

"Ik tink dat wy in swiere winter krije sille, dy't oer it gehiel te kâld ferrint", sa skriuwt Paulusma yn syn foarsizzing. "As wy it dan oer in swiere winter hawwe doel ik net allinnich mar op kjeld, mar ek op oerlêst." Hjirby kinne je tinke oan izel, snie en froast, mar ek oan stoarm mei in soad rein.

De striid fan jannewaris en febrewaris

Neffens de waarman sil de winter him yn desimber foar it earst echt sjen litte. Net allinnich mei kâld waar, mar ek mei snie, sa ferwachtet Paulusma. Dochs betsjut dit net dat wy de kommende moannen stabyl kâld waar krije. Der sil neffens Piet ek wol in momint mei echt 'kwakkelwaar' yn sitte. De grutste kâns dêrop is yn jannewaris: "Kening Winter sil yn jannewaris oanwêzich wêze, mar as de moanne kwakkeljend ferrint dan komt de kjeld yn febrewaris. Beide moannen kinne lykwols ek wolris fan waarbyld wikselje, of foar in part wikselje."

Op redens

De grutte fraach fan in soad minsken is fansels oft wy dizze winter wer op de redens komme. Piet is dêr fêst oer: "Wy komme dizze winter op redens, en dan ek foar in langere perioade as twa as trije dagen. En mooglik ek mear as ien perioade." Der is sels in kâns op temperatueren fan min 20 graden.

Trefwurden: 
Piet Paulusma winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)