Oantal bystânsbern yn Fryslân nimt ôf, mar is noch hieltyd heech

30 nov 2018 - 05:45

Foar it earst sûnt 2016 is it tal bern yn bystânsgesinnen yn Nederlân sakke. Dat docht bliken út de Jeugdmonitor fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, dy't freed ferskynt. Hoe stiet it mei de bystânsbern yn Fryslân?

Yn Fryslân is it tal minderjierrigen yn bystânsgesinnen, krekt as yn de rest fan Nederlân, foar it earst yn hast tsien jier in bytsje sakke. Yn 2017 kaam it tal likernôch werom op it nivo fan 2015, mar dat is ferlike mei de jierren dêrfoar noch hieltyd frij heech. Bern yn bystânsgesinnen kinne bygelyks minder faak op fakânsje as oare bern. Sa jout minder as 20 persint fan de minsken yn de bystân oan dat se alle jierren in wykje fuort kinne. Yn oare gesinnen is dat mear as 80 persint.

Wat fierder opfalt, is dat Fryslân it lanlik goed docht. Yn de top-tsien fan Nederlânske gemeenten mei it leechste persintaazje bern yn de bystân wurde de earste trije plakken ynnommen troch Fryske gemeenten. Yn de top-tsien fan gemeenten mei de measte bystânsbern komme gjin Fryske gemeenten foar.

Binnen Fryslân wenje de measte bern yn in bystânsgesin yn Ljouwert. Mei in skoare fan goed 10 persint betsjut dat dat der yn elke Ljouwerter skoalklasse gemiddeld twa bern sitte dy't thús fan in bystânsynkommen libje moatte. Sy geane minder faak op fakânsje as har klasgenoaten en thús is der minder jild om nije klean te keapjen. Ek docht bliken út de Jeugdmonitor dat hast 60 persint fan de bystânshúshâldens sels muoite hat mei it rûnkommen.

Yn saneamde krimpgebieten lûke in protte minsken fuort en omdat se dat dogge, ferdwine der in protte banen. De wurkleazens rint dan op en dan falt te ferwachtsjen dat dêrtroch ek in protte bern fan de bystân libje moatte yn dy gebieten. Yn Fryslân is Noardeast-Fryslân de iennige krimpregio. Yn dy regio falle de gemeenten Achtkarspelen, Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ca. Yn dy gemeenten leit it persintaazje bern yn de bystân tusken de 5 en 6 persint. Hoe dogge dy gemeenten it ferlike mei de oare Nederlânske krimpgebieten?

Benammen yn Grinslân giet it minder yn de krimpgebieten. Yn Pekela, Appingedam en Delfsyl libbet likernôch in achtste fan de bern yn in bystânsgesin. De krimpgemeente mei de measte bern yn de bystân ys Heerlen yn Limboarch, dêr't hast 15 persint fan de minderjierrigen libje moat fan de bystân.

Trefwurden: 
jeugd sifers bystân
(advertinsje)
(advertinsje)