'Takom jier beslút oer bredere slûs by Koarnwertersân'

Der wurdt nei alle gedachten takom jier besletten oer it breder meitsjen fan de slûs yn 'e Ofslútdyk by Koarnwertersân. In mearderheid fan de Twadde Keamer stipet de moasje dêroer, dy't tongersdeitejûn behannele waard.
De slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Njonken it meitsjen fan in realisaasjebeslút yn 2019, ropt de moasje ferantwurdlik minister Van Nieuwenhuizen op om mei de regio's aktyf te sykjen nei in part fan de finansiering dy't nedich is. De moasje waard yntsjinne troch de partijen ChristenUnie, CDA, D66, VVD, SP, PvdA en SGP.
"It ropt op om it gat fan 80 miljoen dat der is, ticht te meitsjen." It realisaasjebeslút is benammen belangryk, seit Kielstra. "Dan moat it der komme, as der in realisaasjebeslút is. Ik bin bliid mei dizze moasje. Der moat noch stimd wurde oer de moasje, mar ik ha der wol betrouwen yn."