Bewenners stride tsjin útstjerbelied wenweinkampen

29 nov 2018 - 22:53

As it belied foar wenweinkampen net rigoereus feroaret, dan gean wy werom nei de sitewaasje fan jierren 50: rûnreizgjende sigeuners. Dat seit Doet Kallenkoot. Hy is in âld-bewenner fan it wenweinkamp yn de Drachtsterkompenije en striidt jierrenlang mei Travellers United Nederland tsjin it útstjerbelied fan de wenweinplakken.

Kallenkoot fynt dat de gemeenten harren net hâlde oan de minskerjochten as it giet om it belied oangeande wenweinkampen. Alde plakken wurde opheft, der komme gjin nije by en yn ferskate Fryske kampen binne der wachtlisten fan 20 jier.

Alve jier op de wachtlist

Troch dizze wachtlisten wurdt der no al wiken aksjefierd yn Drachten. In groep wenweinbewenners hat it eardere kamp oan de Kromme Wyk by Drachtsterkompenije beset. De gemeente Smellingerlân ûndersiket op dit stuit oft der nije plakken komme kinne, mar it is noch hieltyd net dúdlik wat de lokaasje wurdt.

Sels stiet Kallenkoot al 11 jier op de wachtlist foar in plakje yn Drachten. Mar hy bliuwt skeptysk. "Ik ben al vijf jaar aan het praten met de gemeente van Drachten, maar het heeft mij nog niks opgeleverd."

Doet is yn in gewoan hûs wenjen gien, om't hy foar syn bedriuw mear romte nedich hat. Mar hy hat him nea echt thúsfield. "Het beneemt mij mijn zuurstof. Het is een gevoel dat ik moeilijk kan uitleggen. Ik vergelijk het wel een met opgroeien op een boerderij en vervolgens gedwongen worden om in Amsterdam op 14 hoog te gaan wonen."

Fan it iene nei it oare plak

It wenjen en reizgjen yn in wenwein is ea begûn út praktyske redenen troch bygelyks hannelsreizgers of lânbouknechten. Se wennen dêr wêr't wurk wie. Wetten oangeande dizze libbenswize binne yn de ôfrûne jierren bot feroare. Yn 1968 kaam der in ferbod op it rûnreizgjen en waarden minsken twongen om yn grutte kampen te wenjen.

Sa waard ek it wenweinkamp fan de Drachtsterkompenije yn de jierren '70 oprjochte dêr't Kallenkoot wenne hat. "Het voelde alsof wij ergens weggestopt werden, zodat we niet in het zicht waren. Alsof er moeilijkheden verwacht werden." It kamp wie mei 37 plakken it grutste wenweinkamp fan Fryslân.

Neist Drachten waarden ek kampen iepene op De Jouwer, Snits, Ljouwert, Easterwâlde en yn Hemrik. Mar neffens Kallenkoot soargen se hielendal net foar oerlêst. "We bewezen het tegendeel. De band tussen het dorp en het kamp werd steeds beter. Ze omarmden onze cultuur."

Utstjerbelied

Dit duorre oant de jierren '90. Doe waard konkludearre dat grutte kampen net goed wurkje en dat lytse kampen better binne. Dêrom waarden de wenweinen yn ferskate lytse plakken ferspraat oer Fryslân. De wenweinen falle no ûnder it belied fan de gemeenten en in protte dêrfan kieze foar it saneamde útstjerbelied.

Der komme gjin stânplakken by en besteande plakken wurde opheft as se frijkomme. De bewenners wurde dêrom twongen om yn in gewoane wenning te gean en dat fine se diskriminearjend.

Doet hat mei Travellers United Nederland dit yn tsientallen saken oanjûn by it College voor de Rechten van de Mens en dy konkludearret dat it yndie diskriminearjend is wat gemeenten dogge.

Ek de Nationale Ombudsman hat yn 2017 deselde konklúzje. "Maar de gemeenten blijven de hakken in het zand steken en lappen de regels aan de laars", seit Kallenkoot.

Jessica Gatsonides - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Nije generaasje

Foaral foar de nije generaasje is it útstjerbelied in probleem. De 21-jierrige Jessica Gatsonides is mantelsoarger fan har beppe en wennet dêrom by har yn it wenweinkamp yn Ljouwert. Dat wie de iennige oplossing wêrtroch't se noch op it kamp wenje koe.

Foar Jessica har mem is it al net mooglik om ek op it kamp te wenjen, dêrom wennet se in pear strjitten bûten it kamp. "Waar moeten de jonge generaties wonen? Kinderen van nu kunnen niet op het kamp blijven."

It kamp is yn behear fan WoonFriesland en op basis fan in puntesysteem wurde plakken tawiisd. Troch dizze konstruksje moatte jongere generaasjes troch need twongen yn in hûs wenje. Neffens de gemeente Ljouwert is der op dit stuit gjin needsaak om it oantal plakken út te wreidzjen.

Werom nei jierren 50

Kallenkoot tinkt dat Nederlân werom giet nei de sitewaasje sa as it wie yn de jierren 50: rûnreizgjende sigeuners, as de gemeenten neat feroarje. "Ik heb me nu zelf uitgeschreven van de wachtlijst en ga met mijn vrouw weer reizen. Ik denk dat anderen dit ook overwegen."

Foar de bewenners dy't wol yn Drachten bliuwe, komt miskien no einlik in oplossing. Op 11 desimber is der in debat en wurdt it beslút naam oer de definitive lokaasje.

(advertinsje)