Tolve Fryske ploegen oerlibje twadde ronde distriktsbeker
Nei de trochdewykse wedstriden foar de noardlike KNVB-distriktsbeker sitte der noch tolve Fryske ploegen yn it toernoai. Dêr kin noch ien by komme: Bakkefean spilet har twadderondewedstriid takom tiisdei pas.
De tolve Fryske ploegen dy't troch binne, spilen allegear tsjin in oare Fryske klup. Allinnich Aldeholtpea spile tsjin in klup dy't net út Fryslân komt, mar Drenthina wie te sterk: 6-0. Ek de iennige Fryske klup dy't noch spylje moat, Bakkefean, spilet tsjin yn klup út in oare provinsje: HZVV út Hoogeveen.
Twa ploegen skeakelen in ploech út dy't in klasse heger spilet: fjirdeklasser Snits Wyt Swart (sneons) wûn mei 4-0 fan treddeklasser Read Swart en twaddeklasser BCV fersloech Balk mei 2-1.
Utslaggen Fryske klups (fetdrukt) yn twadde ronde distriktsbeker
Hurdegaryp | Be Quick Dokkum | 1 - 7 |
Heech | Drachtster Boys | 1 - 3 |
Dokkum | Broekster Boys | 0 - 6 |
Leovardia | SDS* | 2 - 2 (7 - 8) |
Snits Wyt Swart (sneons) | Read Swart | 4 - 0 |
BCV | Balk | 2 - 1 |
Drenthina | Aldeholtpea | 6 - 0 |
Harkemase Boys 2 | VC Trynwâlden | 1 - 0 |
Trinitas | Burgum* | 3 - 3 (4 - 5) |
Bûtenpost | Hearrenfean | 4 - 1 |
Twizel | Dronryp | 6 - 1 |
Zwaagwesteinde | LAC Frisia 1883 | 1 - 3 |
Snits Wyt Swart (sneins) | Zeerobben | 3 - 1 |
Bakkefean | HZVV | op 4 desimber |
* wint nei strafskoppen
Tuskenronde
Net alle winnende klups binne direkt troch nei de trije ronde. Omdat der foar dizze ronde noch 72 klups wiene, komt der in tuskenronde. Dêryn spilet Harkemase Boys 2 ein desimber thús tsjin Be Quick Dokkum. As Bakkefean wint, spilet it yn de tuskenronde út tsjin Genemuiden.
De oare tsien winnende Fryske ploegen binne wol wis fan 'oerwintering'.
Bekertoernoai foar amateurklups
De Distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.
Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.