Jonge (15 jier) krijt wurkstraf foar seksueel misbrûk

29 nov 2018 - 21:44

In 15-jierrige jonge út Easterwâlde is troch de rjochtbank fan Assen feroardiele ta in wurkstraf ûnder betingst en behanneling fanwege seksueel misbrûk. Tusken septimber foarich jier en maart dit jier misbrûkte hy in 6-jierrich famke op in soarchbuorkerij yn De Fochtel.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De jonge ferbleau lykas it famke op de soarchbuorkerij. Hy hat it misbrûk bekend. Hy hat ûnder oare in autistyske fersteuring en is fermindere tarekkenber ferklearre.

Net de sel yn

Fanwege syn fersteuring en om syn leeftiid, krijt er gjin selstraf. Hy hat in wurkstraf ûnder betingst oplein krige mei in proeftiid fan twa jier. As hy opnij in fergelykber fergryp pleget, moat hy de wurkstraf útfiere

Ek moat hy it jonge slachtoffer 500 euro skeafergoeding betelje. Hoe't it misbrûk oan it ljocht kommen is, is net dúdlik. De rjochtsaak wurdt efter sletten doarren behannele, om't de jonge út Easterwâlde noch gjin 18 is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)