Johannes van der Pal krijt gemeentlike earepinning útrikt

De 64-jierrige Johannes van der Pal fan De Lemmer krijt in gemeentlike earepinning. Dy ûntfangt er fanwege syn ôfskie as wethâlder fan De Fryske Marren. Boargemaster Fred Veenstra rikte de earepinning út by syn offisjele ôfskie op De Lemmer.
Johannes van der Pal © De Fryske Marren
Van der Pal nimt nei in perioade fan mear as 16 jier ôfskie fan de gemeentepolityk. Hy ûntfangt de earepinning fanwege syn fertsjinsten foar de âld-gemeente Lemsterlân, dêr't hy fan 2002 ôf wethâlder wie, en foar syn wethâlderskip yn De Fryske Marren fan 2014 ôf.