Skoalbern eksposearje mei selsmakke keunstwurken fan plestik ôffal

29 nov 2018 - 20:00

Keunstwurken fan bern fan Fryske basisskoallen hingje fan tongersdei ôf yn biblioteek dbieb yn Ljouwert. De keunstwurken binne makke fan plestik ôffal dat de bern yn it ramt fan in edukatyf projekt sammele ha.

Hennie Vermeij fan it Next Level-skoalleprogramma oan it wurd

It inisjatyf fan it projekt komt fan it Next Level-skoalleprogramma, dat as doel hat it ûnderwiis foar learlingen en learkrêften oantrekliker te meitsjen. Yn it Plastic Super-projekt hawwe learkrêften de learlingen leard oer de skealike effekten fan plestik ôffal yn de natuer.

De eksposysje mei keunstwurken fan de Fryske skoalbern is de hiele moanne desimber te sjen yn dbieb yn de Blokhûspoarte yn Ljouwert.

Skoalbern Nynke Koole en Lucia Dijkstra en juf Esmé Bijlsma fertelle oer it plestikprojekt

De skoallen dy't meidien hawwe oan it projekt binne CBS De Finne en OBS 't Iepen Stee út Jistrum, OBS De Romte út Tytsjerk, CBS De Alpha út Ryptsjerk, CBS De Paadwizer út Oentsjerk, CBS Ichtusskoalle út Gytsjerk, OBS Sinnehonk út Aldtsjerk, MS De Legeaën út Gau, CBS Klaver Fjouwer út Aldegea, OBS Hunnighouwersgat út Midslân (Skylge), OBS 't Jok út Hoarn (Skylge) en OBS Prinses Margriet út West-Skylge.

(advertinsje)