Fonteinen yn hast alle Fryske stêden winters fan it wetter ôf

De fonteinen yn njoggen Fryske stêden wurde fan takom moandei ôf fan it wetter ôfsletten. Troch de froast kinne de liedingen befrieze en dat is skealik foar de fonteinen. Allinne de iisfontein fan Dokkum kin oer de winterske temperatueren, mar dy wurdt pas op 22 febrewaris takom jier iepene.
© Omrop Fryslân
De fontein 'Love' yn Ljouwert bliuwt noch wol efkes wetter spuitsjen; dy fontein wurdt op in oar momint ôfsletten. Hoewol't de fonteinen yn 'e winter gjin wetter spuitsje, bliuwe se in besite wurdich, sa seit de organisaasje fan it 11Fountains-projekt.