Ek yn heger berop tolve jier sel easke foar deadlike sjitpartij Easterwâlde

Tsjin in 59-jierrige man út Easterwâlde is tongersdei yn heger berop opnij tolve jier sel en tbs mei twangferpleging easke, foar de deadlike sjitpartij yn augustus 2017. De eask fan it Iepenbier Ministearje is itselde as de straf dy't ein maaie fan dit jier ek al easke waard.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De advokaat-generaal giet derfan út dat de Easterwâldster it slachtoffer meardere kearen besketten hat. It senario dat de ferdigening sketse, hat neffens him 'geen begin van aannemelijkheid'. It Iepenbier Ministearje giet út fan moard.

Stekpartij

De 59-jierrige man hie al in strafblêd en siet noch yn proeftiid, foar in stekpartij yn in kringloopwinkel yn Drachten. Neffens saakkundigen is de kâns op werhelling grut.
It hôf docht op 13 desimber útspraak.