SC Twizel foar de rjochter om dug-out-ûngelok

29 nov 2018 - 18:28

SC Twizel moat har tongersdei 6 desimber foar de Ljouwerter rjochtbank ferantwurdzje foar it deadlike dug-outûngelok fan 21 maaie 2014. By it ûngelok kaam de 10-jierrige Yrsa de Bruin om it libben, fiif oare bern rekken ferwûne.

Foto: Omrop Fryslan

By in kuorbaltoernoai op it sportterrein fan SC Twizel wiene bern op in dug-out klommen. Troch harren gewicht skeat de betonnen dakplaat nei foaren en stoarte de dug-out yn.

De dug-out wie boud troch frijwilligers en waard troch de fuotbalklup ûnderhâlden, mar de gemeente is eigener. Skea dy't yn 2013 ûntstien wie by in stoarm, wie meld by de gemeente.

Foto: ANP

It Iepenbier Ministearje hie de saak earder seponearre, mar fiif âlderpearen wiene it dêr net mei iens. It gerjochtshôf bepaalde dit foarjier dat it Iepenbier Ministearje de saak dochs noch foarlizze moast oan de rjochter.

De fuotbalklup wurdt ferfolge foar dea troch skuld en swier lichaamlik letsel troch skuld. It fersyk om ek de gemeente Achtkarspelen te ferfolgjen, is troch it Hôf doetiids ôfwiisd.

Trefwurden: 
dug-out SC Twizel
(Advertinsje)
(Advertinsje)