Stap 1781 binnen yn it Museumhûs Van Eysinga yn Ljouwert

It sânde museumhûs fan Van Eysinga is tongersdei iepene yn it sintrum fan Ljouwert. It is ien fan de museumhuzen fan it fernijende "winkelketen fan musea" mei huzen út alle perioaden en stilen. Yn de Museumhuzen hoege je net te flústerjen of mei je hannen op de rêch rûn te rinnen. Je wurde útnûge om je thús te fielen: lekker op de bank sitte of omsneupe yn de lades fan in buffetkast.
Stap 1781 binnen yn it Museumhûs Van Eysinga
It Museumhûs Van Eysinga is in hearehûs út de 18e iuw mei keamers ynrjochte nei de styl fan Lodewijk XVI. It hûs waard yn 1781 boud foar Frans Julius Johan van Eysinga. Van Eysinga wie kantonrjochter fan Doniawerstal en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Klaartje Laan oer it Museumhûs fan Van Eysinga
It ôfrûne jier waard it hûs restaurearre troch Ann-Katrin Adolph. Sy is arsjitekt by de Vereniging Hendrick de Keyser, de eigener fan it pân. "De renovatie was een groot avontuur. We herontdekten een oude personeelszone die in onbruik was geraakt en deden onderzoek naar de originele kleuren van het interieur. Zo konden we de sfeer en grandeur van vroeger weer terughalen", seit Adolph.

Iepening

Tongersdei is de feestlike iepening fan it Museumhûs Van Eysinga. It nije museum wurdt iepene troch boargemaster Ferd Crone. Op sneon 1 desimber organisearret feriening Hendrick de Keyser in publyksdei. It museumhûs is dan fergees te besykjen.