Aris-spiler al nei in moanne fuort: hy is ûnwennich

29 nov 2018 - 17:27

Basketballer Leonardo Eltink fan Aris giet al nei in moanne wer fuort by de klup. Eltink hat lêst fan ûnwennichheid yn Ljouwert en ferruilet Aris dêrom wer foar in klup yn syn eardere wenplak, Rio de Janeiro.

Foto: Aris Ljouwert

De small forward kaam yn oktober foar it earst by de seleksje en spile mei de Ljouwerter basketballers noch mei yn de lêste wedstriid tsjin Amsterdam. Hy begûn doe sels foar it earst yn de basis.

De kluplieding fynt it spitich dat Eltink fuortgiet, mar respektearret de kar fan de spiler.

(Advertinsje)
(Advertinsje)