Wetterskip nimt maatregels fanwege lege grûnwetterstân

29 nov 2018 - 17:16

Wetterskip Fryslân hâldt fanwege de lege grûnwetterstannen yn in soad fearten en sleatten de simmerstân noch altiten oan. Dat betsjut dat de keardammen omheech stean, sadat sleatten by rein safolle mooglik wetter fêsthâlde en it grûnwetter oanfolle wurde kin.

In sleat by Toppenhúzen. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Normaal steane de keardammen fan oktober oant maart yn de winterstân. Dêrmei wurdt it wetterpeil yn de sleatten krekt ferlege, sadat se by rein mear wetter bergje en ôffiere kinne.

Der is noch altiten sprake fan in flink delslachtekoart, seit it wetterskip. Dat lit op it stuit wetter yn fan de Iselmar, om de Fryske boezem op peil te hâlden. Dat is útsûnderlik foar dizze tiid fan it jier.

It wetterskip is net benaud foar wetteroerlêst troch de simmerstân. As der ynienen in soad reinwetter falt, is der noch genôch tiid om de keardammen yn de winterstân te setten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)