Keninklike ûnderskieding foar riedslid Martinus Hiemstra fan Ternaard

29 nov 2018 - 17:02

Martinus Hiemstra fan Ternaard is tongersdeitemiddei op it gemeentehûs yn Dokkum keninklik ûnderskieden. De 71-jierrige Hiemstra waard beneamd ta lid yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau, foar it jierrenlange riedswurk dat hy dien hat.

Foto: ANP

Fan 2002 ôf wie Martinus Hiemstra mei inkelde ûnderbrekkingen riedslid foar it CDA. Hy krige it lintsje út hannen fan waarnimmend boargemaster Magda Berndsen fan de gemeente Dongeradiel.

Lêste riedsgearkomste

It wie ek de lêste riedsgearkomste fan de hjoeddeiske gemeente. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 giet Dongeradiel mei Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

(advertinsje)