Oerfaller fan Ljouwerter tabakssaak krijt gjin straf

De man út Ljouwert dy't yn maaie in tabakssaak yn de stêd oerfoel, krijt gjin straf. Neffens saakkundigen kinne de man syn dieden him net oanrekkene wurde. Hy hat in psychyske fersteuring.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man bedrige de 79-jierrige eigener fan de saak yn de Vijzelstrjitte mei in foarwerp dat op in stroomstjitwapen like. Hy naaide út mei in pear doaskes sigaren, mar waard letter oanhâlden yn it Rengerspark.
De oerfal bleau de eigener net yn 'e kâlde klean hingjen en hy sleat syn winkel fuortendaliks. Dat wie er al fan doel, mar hy hie noch twa wiken iepen wêze sild. De saak bestie fjirtich jier.

Ferplichte behanneling

De rjochtbank hat bepaald dat de man ien jier ferplicht behannele wurde moat yn in psychiatryske ynrjochting. Njonken in psychyske fersteuring hat de fertochte ek in ferstanlike beheining en brûkt er harddrugs.