Kin it riedsel fan Boalsert ûntsifere wurde?

29 nov 2018 - 16:14

Oer de earste bewenning fan Boalsert is net al te folle bekend. De stêd is ea ûntstien op trije terpen, mar hoe't dat krekt gie, wit nimmen. Oant no, sa hope archeologen. Se dogge ûndersyk op it plein efter it stedhûs.

Der is neat mear fan te sjen, mar ea hat der op it plak efter it stedhûs ien fan de trije terpen stien. It wie nei alle gedachten in hannelsterp. Laach foar laach wurdt no besocht om de geheimen fan dizze terp nei boppen te krijen. It ûndersyk wurdt dien troch archeologysk buro RAAP, en moat sa'n seis wiken duorje.

De hoop is dat der saken út de midsiuwen oantroffen wurde. Bygelyks potten of krûken, mar ek wetter- as bearputten binne nijsgjirrich foar de archeologen.

Der wurdt noch in steger boud oan de râne fan de opgravingen, sadat belangstellenden sels sjen kinne wat der allegearre bart. Ek is it de bedoeling dat der noch in spesjale iepen dei komt. De fynsten fan de opgravingen krije yn de takomst in plakje yn it Historisch Centrum.

(advertinsje)
(advertinsje)